Frisia Citerior

(Trochferwiisd fan Frisia citerior)

Frisia Citerior of Fresia Citerior wie de Latynske namme foar it gebiet fan Aldgisl dat yn 686 troch Pippyn II op Redbad ferovere waard. De Angelsaksyske biskop Willibrord hat om 690 hinne yn dat gebiet missy wurk dien ûnder de heidenske Friezen. De namme betsjut "neier Fryslân" en wie dus út eachpunt it gebiet fan Fryslân dat it tichtst by it Frankelân lei foar Frisia Ulterior (fierder Fryslân) dat dus fierder op lei. Frisia (Fryslân) wie it wengebiet fan de Friezen en rûn fan it Sinkfal yn Belgje oant foarby de Wesermûning yn Dútslân.

Measte skiedkundigen oant koartlyn tochten dat gie om it gebiet fan Frisia súd fan de Alde Ryn om de midsiuwske hannelstêd Doarestêd hinne. Lykwols De Langen en Mol binne der fan oertsjûge dat Frisia Citerior it gebiet fan it hjoeddeiske Nederlânske sintrale riviergebiet om Doarestêd en Utert hinne wie. Dat gebiet waard fan de rest fan Frisia skaat troch in grut feangebiet, dy't hast allinnich oer wetter te krusen wie.[1]

Frisia Citerior wie in strategysk gebiet dêr't beide de Frankyske en Fryske keningen each op hiene. De Franken krigen it gebiet yn hannen yn de iere 7e iuw, wylst om 650 hinne it gebiet troch de Friezen ûnder kening Aldgisl ynnommen waard. It gebiet waard it machtsintrum fan it Keninkryk Fryslân ûnder Aldgisl en syn opfolger Redbad. Yn 686 fersloech de Frankyske hôfmeier Pepyn de Fryske kening Redbad en kaam it gebiet fannijs yn Frankyske hannen. Nei it ferstjerren fan Pepyn yn 714 naam Redbad de ferlerne gebieten wer yn. Nei't Redbad yn 719 ferstoar oermastere Pepyn syn soan Karel Martel it gebiet en oermastere gâns West-Frisia oant de Fly.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gillis de Langen, Jan de Mol, Koning Redbad en zijn bewegingsruimte. yn: De Vrije Fries 100 (2020).
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Fresia Citerior .