Haadmenu iepenje

Froukje Herbig (Ljouwert, 20 maaie 1781 - Harns, 5 july 1857) wie in ûnderwizeresse .

Froukje Herbig wie in ûnderwizeresse dy't sels in skoalle foar famkes opsette yn Harns. Ien fan har learlingen wie Anna Louisa Geertruida Toussaint. Teffens wie hja gûvernante en skriuwster. Sy wie in dochter fan Johan Georg Herbig (1854-1799), luitnant-kolonel, en Fetsje fan der Meulen. Froukje Herbig hat nea troud west.

Hja hat toanielsikjes foar bern en histoaryske- en briefromans skreaun. Se skreau ek ferhalen (û.o. foar it frouljustydskrift 'Penélopé'). Hja krige trochstrings positive kritiken, mar Potgieter wie net sa te sprekken oer har op de skiednis basearre wurk.

Doe't har eagen hieltyd minder waarden moast hja it skriuwen oerjaan.

PublikaasjesBewurkje

  • De ontkoming van Hugo de Groot, en De erfenis, of het onverwacht geluk. Twee tooneelstukjes, geschikt ter uitspanning van jonge lieden van 14 à 15 jaar (Ljouwert z.j. [± 1829]).
  • De verloren zoon, of Breda verrast. Een tooneelstukje (Grins 1830).
  • De graven van Horst. Eene oorspronkelijke Nederlandsche roman, 2 dielen (Ljouwert 1830).
  • Hillegonda van Teylingen. Een oorspronkelijk Nederlandsch familie-tafereel uit het midden der zestiende eeuw, onder de grafelijke regeering van Karel den Vijfden, 2 dielen (Ljouwert 1832). Brieveroman.
  • De arme luitenant en zijn huisgezin, 2 dielen (Ljouwert 1834).
  • De verloren zoon of Breda verrast. Toneelspel voor de jeugd (Grins 1836).
  • De gelofte, of De zegepraal der deugd. Een oorspronkelijk Nederlandsch familie tafereel, uit het laatst der zestiende eeuw; kort voor den dood van Willem I (Ljouwert 1836).

LiteratuerBewurkje

  • Froukje Herbig, Friesche schrijfster, Onze Tijd 20 (1857) 327 - earder yn de Ljouwerter Krante 21-7-1857.
  • A. Hallema, ‘Ljouwerter ofsiersdochter wie skoaljuffer to Harns. Froukje Herbig (1781-1857) skreau toanielstik oer it Turfskip fan Breda. Har boeken ha doetiids grif in soad minsken oan it lêzen set’, Ljouwerter Krante, 3-12-1857.
  • M.A. Schenkeveld-van der Dussen, De pedagogisch-normatieve waarde van enkele vrouwenromans, yn: M. Bruggeman e.o. red., Mensen van een nieuwe tijd (Amsterdam 1996) 453-455.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Herbig, Froukje.