It Frysk Festival is in fiifjierliks evenemint. De earste edysje wie yn 1978 en hie as doel keunst en kultuer út Fryslân sjen te litten. Ynearsten lei it aksint op meardere lytsskalige projekten. Yn 1985 nei fyftich kultueruterings, yn 2000 sân. Benammen de grutskalige projekten foelen op. De musical Mata Hari, it muzykspektakel Abe, de tentoanstelling Salut au Monde yn it Frysk Museum, de Slachtemaraton en Orfeo Aqua. Yn 1980 wienen der 25 tûzen besikers, by Simmer 2000 wienen der wol 135 tûzen.
It festival bestiet út meardere projekten, dêr't ferskate keunstfoarmen oan bod komme, lykas byldzjende keunst, toaniel, muzyk, bewegingsteater, en literatuer.

Oersjoch bewurkje seksje

  • 1980 - mei in grutte tentoanstelling yn it Frysk Museum: ‘Keunst út Fryslân’
  • 1985 - hiel Ljouwert stie fol mei byldzjende keunst, de ‘Triënnale van Noord Nederland’. Boppedat gienen wol tsien konteners mei keunstynstallaasjes op reis troch de provinsje.
  • 1990 - mei ek omtinken foar de keunst- en arjitektuertentoanstelling 11 stêden/11 lannen yn De Fryslânhal
  • 1995 - It gedicht Salut au Monde! fan de 19e-iuwske Amerikaanske skriuwer Walt Whitman is de reade tried fan it fjirde festival. En dan wie der it projekt ‘Media Mundi’, oan beide dienen Fryske en bûtenlânske keunstners mei.
  • 2000 - it 'Pylgerprojekt' stie sintraal op it tagelyk mei Simmer 2000 holden festival.