Frysk hynder (liet)
''Frysk hynder' is in liet fan de Fryske sjongster Griet Wiersma. Yn dit sels skreaune liet bringt hja in oade oan it Frysk hynder. Griet Wiersma hie noch in âlde orkestbân lizzen mei in meldij. Doe’t har sweager him op in dei beklage dat der net in goed liet oer it Fryske hynder bestie skreau sy de tekst. It soe de trochbrek wurde fan har karriêre.[1] Mei troch dit súkses stoppe se yn 2004 mei har berop as taksysjauffeur en gie foltiids de muzyk yn.
Mei dit liet helle Griet Wiersma yn 2002 it achtste plak yn de Top 40 fan Fryslân.[2] Yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân kaam se dat jier binnen op in achtste plak, yn 2003 stie it liet op nûmer twa. Oant 2010 stie it nûmer alle kearen by de heechste tsien yn de Top 100.
Yn 2018 makke sjonger Jelle B. in nije ferzje fan it liet. Dit barde foar de muzykrubryk fan Fryslân Hjoed. Yn dy rubryk daget presintator en sjonger Raynaud Ritsma Fryske artysten út.
Te hearren op
bewurkje seksje- Moat it no sa..?! – mei Teake van der Meer en Minze Dijksma (Marista, maaie 2014, CD)
- It bêste fan Griet Wiersma (jannewaris 2007, CD)
- Frijheid (2003)
- Frysk hynder (april 2002, CD)[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|