Fryske boezem
(Trochferwiisd fan Fryske Boezem)
De Fryske boezem is in oaniensletten iepen stelsel fan marren, kanalen en lytsere fearten en leit tusken De Lemmer en Dokkumer Nije Silen. It sit ynklamme tusken de Iselmar, de Waadsee en de Lauwersmar. De oerflakte fan de Fryske boezem is 15.000 hektare. It streefpeil op 'e Fryske boezem is N.A.P -0,52 m oer it hiele jier.
Foar it ôffieren fan it wetter binne it J.L. Hooglandgemaal by Starum, de Tsjerk Hiddesslûzen by Harns en de Lauwersslûzen by Lauwerseach belangryk.