Fryske fjild
Fryske fjild (Dútsk:Friesenfeld) wie in goa, dat yn it hjoeddeiske noarden fan Thüringen en it suden fan Sachsen-Anhalt leit, yn it gebiet tusken Allstedt en Mersebuurich en dat grinze oan Hassegau. Ferskate stêden en doarpen fan Friesenfeld lykas Ossfurt wiene ferplichte om oan it kleaster Hersfeld tsienden ôf te dragen.
It is neamd nei de Friezen dy't har hjir as kolonisten fêstige hawwe.