Abdij fan Hersfeld
De Abdij fan Hersfeld (ek 'Kleaster Hersfeld' of 'Stift Hersfeld') wie fan 769 oant 1606 in wichtich benediktiner rykskleaster yn Bad Hersfeld yn Hessen, Dútslân.
Ryksabdij Hersfeld
Reichsabtei Hersfeld | ||
Wapen | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
plak | Bad Hersfeld | |
koördinaten | 50° 51' N 9° 42' E | |
Kleastergegevens | ||
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | 775 | |
opheffing | 1606 (de facto) 1648 (de jure) | |
Kaart | ||
It hert fan it kleasterlibben wie de stiftstsjerke, wêrfan't de oerbliuwsels hjoed-de-dei noch te besjen binne, de grutste romaanske tsjerkeruïne fan Jeropa. De skiednis fan de abdij is nau ferbûn mei dy fan de stêd Bad Hersfeld.
Skiednis
bewurkje seksjeHersfeld waard foar 744 stifte troch Sint-Sturmius, in folgeling fan Bonifatius. Fanwegen it gefaar foar Saksyske oanfallen ferhûze hy nei Fulda. In skoft letter, om it jier 769 hinne nei 't de Franken de Saksen fersloegen, sette Sint-Lullus, de aartsbiskop fan Mainz, it kleaster yn Hersfeld wer op.
Karel de Grutte joech de abdij privileezjes en de status fan in ryksabdij, wêrmei't Hersfeld streekrjocht ûnder de keizer foel en paus Stefanus II ferliende de abdij frijstelling fan biskoplike jurisdiksje. Al gau besiet de abdij in soad lân. Lullus waard yn 786 begroeven yn 'e tsjerke. Tusken 831 en 850 waard in nije kleastertsjerke boud en yn 852 waarden de reliken fan Lullus nei de nije tsjerke brocht. Tagelyk waard Lullus hillichferklearre. Sûnt wurdt alle jierren op 16 oktober it Lullusfest fierd, it âldste folksfeest fan Dútslân.
De abdij wie al nei 780 in beafeartsplak fanwegen de reliken fan Sint-Wigbert, dy't dêr hinne brocht waarden. Ek waard der in weardefolle bibleteek opboud en de abdij waard in sintrum fan frommens en geleardheid. Tsjin 'e ein fan 'e 10e iuw hie Hersfeld te lijen ûnder delgong en fersloppe de monastike disipline. Yn 1005 waard de oarder troch Godehardus (letter biskop fan Hildesheim) en leden fan 'e mienskip waarden nei oare kleasters fan 'e oarder stjoerd om dêr te wurkjen oan in religieuze oplibbing.
Yn 'e ynvestituerstriid keas Hersfeld de kant fan 'e keizer tsjin it pausdom. Keizer Hindrik IV besocht de abdij faak, somtiden mei de frou, en syn soan en opfolger Koenraad waard berne en doopt yn 'e abdij. Yn it lêste desinnium fan 'e 11e iuw like de abdij wer folslein yn 'e geunst fan 'e paus te stean en gie de abdij in tiid fan bloei yn 'e mjitte.
Mei't der yn 'e 13e iuw in ein oan 'e dynasty fan 'e Staufen kaam, naam de macht fan keningen ôf. De abdij hie tradisjoneel bot op de macht fan 'e keningen en keizers fan it Hillige Roomske Ryk betroud en siet no sûnder dy politike steun. Dêrfoar oer naam de macht fan 'e lânadel en de opkommende boargerij op, sadat de abdij jimmeroan faker striid leverje moast om syn eigendommen en rjochten te behâlden. Under Abt Berthold wie de ynfloed fan 'e lângreven fan Tueringen en Hessen op syn steat al sa grut, dat de stêd Hersfeld him op 28 jannewaris 1373 losmakke fan 'e abdij en in bûn oangie mei de lângreve fan Hessen. Nei in fergees besykjen om mei help fan in bûn fan ridders en greven (de Sternerbund) de sitewaasje werom te draaien en de stêd wer ûnder it bewâld fan de abdij te setten, waard de Rykabdij Hersfeld sels twongen om yn 1383 in beskermingsbûn mei de lângreven fan Hessen te sluten.
Yn 'e rin fan 'e tiid sette op 'e nij in tiid fan delgong yn. Tsjin 1513 wie der in djiptepunt berikt en lei abt Volpert Riedesel it amt del en droech dat oer oan paus Leo X. De abt fan Fulda krige doe fan keizer Maksimiliaan tastimming om de abdij yn syn organisaasje op te nimmen. Neffens berjochten út dy tiid wie de ferneamde bibleteek doe al slim yn it neigean rekke.
Reformaasje
bewurkje seksjeDe twongen gearfoeging fan Hersfeld en Fulda duorre wat langer as twa jier, oant der yn 1517 in nije abt yn Hersfeld waard keazen. Abt Krato stie lykwols sympatyk foar it lutheranisme oer (op syn weromreis fan 'e Ryksdei yn Worms yn 1521 brocht Marten Luther in besite oan it kleaster en fersoarge dêr in tsjerketsjinst). Krato swarde yn 1525 trou oan 'e lutherske Filips I, lângreve fan Hessen. De abdijtsjerke waard foar de roomsk-katolike earetsjinst sletten en der waarden allinne noch missen opdroegen yn in kapel fan it kleaster.
Foar de rest fan 'e 16e iuw bleau de abdij as in protestantske organisaasje ûnder tafersjoch fan 'e Hessyske hearskers bestean. Nei de dea fan 'e lêste abt (Joachim Röll) yn 1606 waard Otto, lângreve fan Hessen-Kassel, keazen as lekebestjoerder. De paus besocht nei Otto's dea de abdij noch in kear ûnder katolyk bestjoer te bringen, mar om 'e nocht. De abdij bleau yn hannen fan it grevehûs oan nei de Westfaalske Frede yn 1648. Hersfeld waard as keizerlik liengoed mei Hessen feriene as it sekularisearre foarstedom Hersfeld, dat syn sit yn 'e Ryksdei hold.
Gebouwen
bewurkje seksjeDe romaanske abdijtsjerke waard yn it earste diel fan 'e 12e iuw boud, mar waard foar it opslaan fan krûd brûkt en yn 'e Sânjierrige Oarloch troch de Frânsen yn 1761 ferneatige. De ruïnes foarmje no in lokaasje foar konserten en eveneminten. It is ek de lokaasje fan 'e Bad Hersfelder Festspiele.
De Katarinatoer (Katharinenturm) stiet der noch altiten en yn 'e toer hinget Dútslân's âldste klok, dy't getten waard yn 1038.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: en:Hersfeld Abbey
|