Fryske earn

(Trochferwiisd fan Fryske heale earn)

De Fryske earn is in skaaimerkende figuer yn de heraldyk fan Fryslân. It is in swarte heale earn op in gouden fjild.

Fryske heale earn
Fryske heale earn

Der liket in ferbân west te hawwen mei it bestjoer, mar de krekte betsjutting is net wis. Wapens mei de earn binne bekend fan de iere 16e iuw ôf, wat in mooglik ferbân mei de Saksen of Boergonjers oanjout. Heraldisy hawwe in skoft tocht dat de earn it foarrjocht fan in grytman en syn neiteam werjoech, mar dat liket net fol te hâlden. At dat oarspronklik al sa west hat, dan is it symboal letter minder beheind tapast. Dat komt oerien mei de lettere útlis dat dit it symboal is dat Karel de Grutte de Friezen tastie neffens it Karelsprivileezje. Dy útlis strykt lykwols net mei de tekst dy't fan it privileezje oerlevere is, dêr't praat wurdt oer in kroan dy't de Friezen op harren skylden drage meie en moatte.

Foar nije famyljewapens brûkt de Fryske Rie foar Heraldyk allinnich in Fryske earn as er ôfstamming oanjout fan immen dy't ynfloed op it bestjoer hie, bygelyks fan de eigner fan in stimhawwende pleats of fan immen út it bestjoerslaach.

  • G.F.E. Gonggrijp, Friesche eigenerfdenwapens, Naarden 1943, sdn. 60-67
  • C. Pama, Heraldiek, Kaapstêd 1958
  • R.P. Prummel, De Roordawapens, Grins 2001