Fryske skou
In Fryske skou is in skousoarte fariearjend yn lingte fan 4,5 oant 6 meter, is 1,4 oant 1,8 meter breed en hat in sterk hellend foarboard. Dizze skouwen waarden yn Fryslân op in soad plakken boud, net allinnich op de hellings, mar ek faak troch partikulieren en oare hânwurkslju dy't se foar eigen gebrûk hienen. Sadwaande binne (wiene) der in soad fariaasjes. De leeljeskou dy't by seeferkenners yn Nederlân brûkt wurdt, is basearre op de Fryske skou.