Fryslân 1926-1934
Fryslân 1926-1934 is in atlas fan Fryslân, útjûn troch Utjouwerij Nieuwland yn 2006 as part fan de Grote historische topografische atlas, en gearstald troch Anoek van der Leest. De skaal fan de kaarten is 1:25.000.
De atlas is in werprinting fan de saneamde Bonneblêdsjes - neamd nei de brûkte Bonne-projeksje - sa't dy yn it oanjûne tiidfak útjûn binne. It oarspronklike doel wie militêr, mar by de publikaasje binne alle militêre ynstillings fuorthelle. Ynearsten stienen der dan wite stikken op de kaart, mar letter waarden dy yntekene mei sabearre lânskip. De ferskillen tusken de tiid fan de kaarten en de tiid fan werútjefte wurdt behannele yn in ynlieding De metamorfaze fan Fryslân yn hûndert jier, troch Meindert Schroor.