FVC
(Trochferwiisd fan Fuotbalferiening FVC)
FVC (Friesche Voetbal Club) is in amateurfuotbalklup út Ljouwert. Op 4 maaie 1919 is yn it prieeltsje fan de Prinsetún de fuotbalferieniging "Vitesse" oprjochte. Letter is dy namme feroare yn FVC.
De spylfjilden leinen foar koarten noch op it bedriuweterrein De Himrik, yn it súdeasten fan Ljouwert. Sûnt it seizoen 2009-2010 wurde alle wedstriden spile op it nije Wiarda-kompleks by Goutum. De fjilden wurde dield mei de sneonsfuotbalferieniging Blau Wit '34.
Begjin jierren 90 hie FVC har grutste suksessen. FVC spile jierren boppe-yn de haadklasse mei, mei as útsjitter in twadde plak (efter kampioen Quick '20) yn it seizoen 1992/93. Op it heden komt FVC út yn de Earste Klasse..