Fykology

(Trochferwiisd fan Fykolooch)

Fykology of algology is de tûke fan 'e biology dy't him taleit op 'e stúdzje fan algen, wêrmei't it in subdissipline fan 'e botany is. De namme komt fan it Grykske φῦκος, fykos ("seewier") en -λογία, -logia ("kunde").

Kelp.

Algen binne wichtige organismen, mei't se de grutste produsinten fan soerstof en opnimmers fan koalstofdiokside yn wetter-ekosystemen binne. Hoewol't de stúdzjerjochting fan 'e fykology fan âlds ta de plantkunde rekkene wurdt, beskôget men tsjintwurdich de measte algen as eukaryoaten, in groep dy besibbe is oan 'e planten, mar der eins gjin diel fan útmakket. Sokke organismen ûnderskiede har fan wiere planten trochdat se gjin echte woartels, stâle of blêden hawwe, en ek net bloeie. In soad algesoarten binne mikroskopysk lytse iensellige organismen (lykas fytoplankton), wylst guon oare soarten, lykas kelp, 30 oant wol 80 m lang wurde kinne.

Fierders omfiemet de fykology ek de stúdzje fan prokaryoatyske libbensfoarmen, lykas blauwieren (of syanobaktearjes). In stikmannich fan sokke mikroskopysk lytse algesoarten meitsje as symbionten ûnderdiel út fan koarstmoassen. Sadwaande bestiet der in beskate oerlaping tusken de fjilden fan 'e fykology en de lichenology, de stúdzje fan koarstmoassen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.