In gévisme is in Frysk neologisme (in nij foarme wurd) dat wat al te geef is omreden fan it mar net Hollânsk of Ingelsk lykjen en dat yn syn geefheid de begryplikens frijwat opkeart. It is makke om in wurd te mijen dat op in Hollânsk, Ingelsk of Dútsk wurd liket. Troch Anne Popkema waard in priisfraach opsetten om it moaiste gévisme op te stoeren (mei boarnefernijing). In tal foarbylden mei wjergader:

  • dellade (downloade)
  • falbile (deadline)
  • eamel (email)
  • nútsjesmoar (pindakaas)
  • leechbydegrûnfrette (picknicke)
  • skodde molke (milkshake)
  • kompaktskiif (cd)
  • ûnthâldstokje (memory stick)
  • tsjetterje/tsjotterje (twitterje)
  • tsjilredens (skeelers)
  • snoadfoan (smartphone)
  • spamje (spam omstjoere)
  • triem (kompûterbestân)
  • sneupgroppe (Fundgrube)
  • skerteldûnseresse ( Sjieuwe Borger yn It ferrin fan de tiid)
  • jouwerkletter (haverklap)
  • sjoddy (See you! en Zie je!)

Sjoddy dat brûkt wurdt troch haadpersoan Berber yn De lêste brief fan Hanneke de Jong waard winner fan de priisfraach.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: