It oarspronklike gasthûs by de Grutte of Jakobinertsjerke waard yn 1634 troch Abbe Freerks Gabbema stifte. Yn 1906 waard oan de Wijbrand de Geeststrjitte nijboud dy't ûntwurpen waard troch Willem Cornelis de Groot. It U-foarmige pân en it tûnstek waarden yn Jugendstil-styl útfierd. It pân, dat út ien ferdjipping bestiet, waard boud mei oranjeread stien. Op it tek lizze read- en grien glazuere tekpannen. Yn it midden fan it gebou stiet boppe oer de yngong in polygroom tegelskildering mei de namme fan it gasthûs en in houten klokketuorke mei in ynsnuorre spits.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
|