Galiléakapel (Ljouwert)
De Galiléakapel yn Ljouwert is in eardere herfoarme kapel út 1850 en sûnt de jierren 1980 it plak dêr't de Christengemeenschap gearkomt.
Galiléakapel | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Droevendal 9 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1850 | |
offisjele webside | ||
Side fan de De Christengemeenschap |
Skiednis
bewurkje seksjeDe kapel stiet op it plak dêr't ea it Fransiskaner kleaster stien hat, dat mei de reformaasje opheven waard.
Yn 1850 liet de herfoarme tsjerke in ienfâldich gebou delsette foar earme minsken om dêr godstjinstich ûnderrjocht te krijen. De kapel krige yn de folksmûle ferskillende bynammen. Guon neamden de kapel it Skipperstsjerke fanwegen de skippers fan de Easterkade dy't hjir harren tsjerketsjinst fierden. Oaren neamde it de Earappeltsjerke om't de skippers earappelkistjes meinamen om tidens de tsjinst op te sitten [1] en wer oaren joegen it de namme Earmentsjerkje.
It Van Dam-oargel út 1865 dat hjir oarspronklik stie ferhûze yn 1924 nei de herfoarme tsjerke fan De Rottefalle.[2]. Fan ôf 1930 waard de kapel brûkt troch de Feriening fan Frijsinnige Herfoarmen en ferlear it gebou tydlik de tsjerklike funksje. Letter, yn de jierren 1950 en 1970, krige it de tsjerklike funksje werom doe't it gebou ferhierd waard oan oare lytse tsjerkegenoatskippen.
In ôfbraak yn de jierren 1980 waard tefoarren kommen troch't de Christengemeenschap it gebou oankocht. It gebou waard renovearre en krige doe ta oantinken fan it Galileeërkleaster, dat ea op dit plak stie, de hjoeddeiske namme.[3]
Oargel
bewurkje seksjeYn it tsjerkje stiet in sekretêre-oargel út 1819.
Lokaasje
bewurkje seksjeDe tsjerke stiet oan in grienfersjenning en wurdt fan alle kanten omsletten troch de bebouwing fan de Twibaksmerk, Tunen, Easterkade en Droevendal.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|