Gamma Ray
Gamma Ray is in Dútske powermetalband oprjochte yn 1989 yn Hamburch troch gitarist Kai Hansen, earder fan Helloween, en sjonger Ralf Scheepers, earder fan Tyran Pace. De band brocht yn 1990 syn debútalbum Heading for Tomorrow út. De teksten fan de band gean benammen oer science fiction, fantasy, polityk en religy. Gamma Ray hat alve studio-albums en sân live-albums útbrocht.
Gamma Ray | ||
band | ||
Gamma Ray yn 2016 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1989 – No | |
label(s) | Noise, Metal-Is, Mayan, Steamhammer, earMUSIC | |
âld-leden | Uwe Wessel bas (1989-1992) Mathias Burchardt drums (1989-1990) Ralf Scheepers sang (1989-1994) Uli Kusch drums (1990-1992) Jan Rubach bas (1992-1997) Thomas Nack drums (1992-1996) Dan Zimmermann drums (1997-2012) | |
leden | ||
Sang | Frank Beck | |
Gitaar | Kai Hansen | |
Gitaar & Toetsen | Henjo Richter | |
Bas | Dirk Schlächter | |
Drums | Michael Ehré |
- Net te betiizjen mei Gamma ray it Ingelske wurd foar Gammastrieling.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1988 ferliet Kai Hansen de band Helloween fanwegen konflikten binnen de band en mei de platemaatskippij. Hy die earst wat studiowurk mei in oare Dútske band, Blind Guardian. Dêrnei rjochte hy him tegearre mei Ralf Scheepers fan de band Tyran Pace op in twamansprojekt. Mei it tafoegjen fan bassist Uwe Wessel en drummer Mathias Burchard groeide it projekt út ta Gamma Ray. It lûd fan de band like in soad op dat fan Helloween, ek net sa frjemd om't Kai Hansen dêr ien fan de wichtige skriuwers wie.
Yn febrewaris 1990 waard it album "Heading for Tomorrow" útbrocht, letter yn it jier folge troch de "Heaven can wait" ep. Op dizze ep wie de band útwreide mei de gitarist Dirk Schlächter; drummer Mathias Burchard wie nei it earste album ferfongen troch Uli Kusch de eardere drummer fan Holy Moses. Yn 1991 kaam it twadde folweardige album, "Sigh no more" út. Op it tredde album, útbrocht yn 1993, waarden de bassist en drummer ferfongen troch respektyflik Jan Rubach en drummer Thomas Nack beide fan Anesthesia.
Dêrnei ûndergie de band wer in feroaring yn de besetting. Sjonger Ralf Scheepers wenne op sa'n grutte ôfstân fan de oare bandleden dat der allinnich yn wykein repetearre wurde koe. Dêrby kaam dat Scheepers audysje dien hie by Judas Priest. Yn goed oerlis mei Hansen ferliet Scheepers de band en Hansen naam de sang oer.
Yn 1996 beslueten Hansen en Dirk Schlächter dat bassist Jan Rubach en drummer Thomas Nack de band ferlitte moasten. Dan Zimmerman waard oanlutsen as nije drummer wylst Schlächter syn gitaar ferwiksele foar de bas. Foar de posysje fan twadde gitarist waard Henjo Richter oanlutsen.
Yn 2012 waard drummer Dan Zimmerman ferfongen troch Michael Ehré. Yn april 2013 hintte Kai Hansen op in nij album. Nettsjinsteande it ôfbaarnen fan de studio waard it album "Empire of the Undead" yn maart 2014 útbrocht.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Heading for Tomorrow | 26 febrewaris 1990 | Noise | Heading for Tomorrow, Heaven Can Wait, Space Eater |
Sigh No More | 21 septimber 1991 | Sigh No More, One with the World | |
Insanity and Genius | 28 juny 1993 | Future Madhouse | |
Land of the Free | 29 maaie 1995 | Land of the Free, Rebellion in Dreamland | |
Somewhere Out in Space | 25 augustus 1997 | Valley of the Kings | |
Power Plant | 23 maart 1999 | ||
No World Order! | 10 septimber 2001 | Metal-Is | Heaven or Hell |
Majestic | 11 oktober 2005 | Mayan | |
Land of the Free II | 19 novimber 2007 | Steamhammer | |
To the Metal! | 29 jannewaris 2010 | earMUSIC | To the Metal! |
Empire of the Undead | 28 maart 2014 | Hellbent, Demonseed, Avalon, Time for Deliverance, Pale Rider, I Will Return |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Alive '95 | 28 maaie 1996 | Noise |
Skeletons in the Closet | 25 augustus 2003 | Metal-Is |
Hell Yeah!!! The Awesome Foursome - Live in Montreal |
24 oktober 2008 | Steamhammer |
Skeletons & Majesties Live | 30 novimber 2012 | earMUSIC |
Heading for the East | 25 septimber 2015 | |
Lust for Live | 6 maaie 2016 | |
30 Years Live Anniversary | 10 septimber 2021 |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op |
---|---|
The Karaoke Album | 27 septimber 1997 |
Blast from the Past | 20 juny 2000 |
Heading for Tomorrow / Sigh No More | 2010 |
Insanity and Genius / Land of the Free | 2010 |
Majestic / Land of the Free II | 2010 |
Alright! 20 Years of Universe | 22 septimber 2010 |
The Best Of | 30 jannewaris 2015 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|