Gaspar Bouttats I
Gaspar Bouttats I (nammefarianten: Caspar Bouttats, Gasper Bouttats, Gaspard-Martin Bouttats en Jasper Bottats) (Antwerpen, om 1640 – dêre, 1695-96) wie in Flaamsk tekener en graveur út de barokperioade.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy waard berne yn Antwerpen yn in famylje fan graveurs. Hy wie in soan fan graveur Frederik Bouttats I en Marie de Weert. Syn omke Philibert Bouttats hie itselde berop en jongere broer Frederik Bouttats waard ek in bekend graveur.[1] Hy krige ûnderrjocht fan syn heit. Yn 1668-69 stiet er te boek as 'wynmaster' by it Antwerpske Sint-Lukasgilde (in titel foarbehâlden oan de soannen fan de gildeleden), dat syn heit moat op dat stuit lid fan it gilde west hawwe. Yn 1690-1 waard er deken fan het Gilde.
Hy wie de learmaster fan syn soan Pieter Balthazar Bouttats, Jan Antoon de Pooter, Geeraet van Caseel (1668-9), Michiel van Hove (1672-3), Jan Francis Clouwet (1672-3); Carolus Bouttats (1690-91) en Gaspar de Man (1694-5).
Wurk
bewurkje seksjeHy makke meast histoarjestikken en portretten en wurke fral foar boekferkeapers. Dêrnjonken gravearre er in tal platen fan wurk fan de mastersskilders. It measte fan syn wurk is etst, somtiids ôfwurke mei in buryn. Under oaren de folgende wurken binne fan him:
- Frontispys foar de Psalmen van St. Augustine; Gaspar Boutats fec.
- St. Bartholomeusnacht.
- De moard op Henry IV.
- De ûnthalzging fan grevef Nadasti, greve Corini, en markys Francipani.
- In Sutler tinte; nei in wurk fan Philips Wouwerman.
- Byldestoarm yn de Us-Leaf-Froukatedraal yn Antwerpen
- de platen foar it folioboek 'Gezichen van Jeruzalem, en het omliggende land,' nei de ûntwerpen fan Jan Peeters I en tegearre mei Jan Peeters yn 1674, it Thooneel der Steden ende Sterckten van t'Vereenight Nederlandt met d'aengrensende Plaetsen soo in Brabandt Vlaenderen als anden Rhijn en elders verovert door de Waepenen der Groot-moghende Heeren Staeten onder het gheley vande seer Edele Hooghghebore Princen va Oranien.[1]
-
De moard op Hindrik IV fan Frankryk
-
Sicht op Bergen op Zoom, nei in tekening fan Jan Peeters
-
Purmerein yn 1674
-
Pécs (Fünfkirchen), om 1690
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gaspar Bouttats fan Wikimedia Commons. |