Gea Koevoets (Ljouwert, 1962) is in Frysk keunstner. Sy wennet en wurket yn Ljouwert.

Hja is autodidakt en folge kursussen by Doet Boersma, Rene van den Bruggen en Anne Feddema. Se wurket mei laachde techniken en brûkt dêrby meast oaljeferve. It Fryske lânskip, benammen It Waad, is faak ûnderwerp. Al wurkjende ûntstiet it ûnderwerp, se betinkt it meastentiids net fan yn 't foar.

Tusken it skilderjen troch pakt se ek faak wat oars oan om dêrnei wer in sprong yn har wurkjen te meitsjen. Se stribbet dernei om troch it skilderjen fan rêst emoasje op te wekken by de taskôger.

Der wiene eksposysjes fan har op Dekemastate, yn 2009 wie der in eksposysje yn Lauswolt. Sûnt hat hja meidien oan tal fan groepseksposysjes en hie se solo-eksposysjes yn galerys en musea yn Nederlân en in pear kear yn Flaanderen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: