Geakundich Wurkferbân Skarsterlân
It Geakundich Wurkferbân Skarsterlân (GWS) is in ûnderdiel fan Museum De Jouwer en hat as taakstelling it sammeljen fan de skiednis fan de gemeente Skarsterlân yn de breedste sin fan it wurd.
It wurkferbân bestiet heilendal út frijwilligers út omlizzende doarpen fan de gemeente en wurdt fasilitearre troch Museum De Jouwer. It hat dêr in stúdzjeromte dêr't it beskikbere materiaal argivearre wurdt.
Sûnt begjin 2004 jout it Geakundich Wurkferbân it periodyk “Ut eigen Gea” út, dat trije kear yn it jier ferskynt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |