Geaubrêgen
De Geaubrêgen wiene twa direkt njonken elkoar lizzende baskulebrêgen oer de Geau yn Snits.
De brêgen waarden yn 1974 iepene en foarmen de oerspanning fan de Geau foar de Rykswei 7. De lingte is 51,5, breedte 16,6 en de oerspanning 13 meter. De brêgen moasten troch de drokke befarring geregeld iepene wurde, wêrtroch't der ek faak files ûntstienen. De brêgen binn yn 2008 diels sloopt en ferfongen troch it Geau akwadukt.
De lokale polityk hat yn 2010 besluten om yn de eardere baskulekelder, tsjintwurdich De Geaukelder neamd, in poppoadium bouwe te litten. [1] De Geaukelder krijt in regionale funksje as oefenromte foar popgroepen. Timpaan Welzijn, dat opstalrjocht krijt fan de gemeente, sil de popkelder eksploaitearje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|