De Gebroeders Luden wie in motorrêdingsboat (mrb) fan de Koninklijke Redding-Maatschappij Nederland. Se wie fan 1965 - 1969 stasjoneare op De Skâns (Oostmahorn) en fan 1969 - 1996 yn Lauwerseach. Doe is se troch in Yslânske rêdingmaatskippij oernaam en hat dêr noch oant 2006 tsjinne ûnder de namme Hafbjörg. Yn dat jier is se kocht troch de Stichting tot behoud reddingsboot Gebroeders Luden.

De Gebroeders Luden op har fêste plak yn de haven fan Lauwerseach (2013)
De Insulinde en Gebroeders Luden, op De Skâns, 17 april 2011

De Gebroeders Luden is boud troch de Bruorren Niestern yn Delfsyl. De kosten waarden foldien út in legaat fan 600.000 gûne fan Jan Anton Willem Luden (1891-1962), in telch út in Hollânske bankiersfamylje, dat troch him ynsteld wie nei oanlieding fan de ferdrinking fan syn âldere broer Hendrik Luden (1885 -1924) yn de Noardsee by Zandvoort. [1]

Wiis wurden troch ûnderfining mei de Insulinde en de Neeltje Jacoba waarden yn de generaasje fan rêdingsboaten lykas de Gebroeders Luden (en û.o. de Prins Hendrik, Carlot, Bernard van Leer en Suzanne) technyske ferbetteringen tapast.

Technyske bysûnderheden

bewurkje seksje
  • Lingte: 20,37 m
  • Breedte: 4,15 m
  • Kyptanks.
  • Ticht stjoerhûs. Troch de luchtbuorl yn it stjoerhûs wie it selsrjochtsjende fermogen sterk ferbettere. De boat kaam nei omslaan yn 6 sekonden oerein.
  • 26 luchttichte kompartiminten.
  • Radar en radiorjochtingsiker.
  • Magnetysk kompas.
  • Ynterkom.
  • Motoren: twa 8 sylinder 140 hk Kromhout 8TS117 disels.
  • Maks. faasje 10,6 knopen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Algemeen Handelsblad, 21 july 1924, foarside: Gemengde berichten. In zee verdronken. (link)