Geert Knol (Stiens, 12 novimber 1914Garmerwolde, 9 septimber 1944) wie in plysjeman dy't mei arsjitekt Uilke Boonstra en Jetze Veldstra yn de Twadde Wrâldkriich ta de fersetshelden fan De Jouwer en omkriten rekkene wurde.[1][2] Troch ferrie of arrestaasje binne alle trije yn de oarloch omkomd.

Geert Knol

Op 30 augustus 1944 waard hy as wmr. fan de Marechaussee arrestearre doe't hy in frachtwein mei 253 radiotastellen by De Jouwer yn 'e brân stuts.

Yn it Grinslanner Garmerwolde waard Knol deasketten. Op 9 septimber 1944 waard syn omskot fûn yn it Damsterdjip by Grins.

Op De Jouwer is in strjitte nei him neamd en de noardmuorre fan de NH-tsjerke hat in tinkstien.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Berte-akte, AlleFriezen
  2. Dea-akte, AlleGroningers