Geert de Jong (Dyst, 8 july 1951) is in Flaamsk toaniel-, film- en tillefyzje-aktrise. By it grutte publyk is hja fral bekend wurden mei har rol as mem yn 'e films Schatjes! en Mama Is Boos!, út 'e tachtiger jierren.

Geert de Jong
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Geert de Jong
nasjonaliteit Belgysk
berne 8 july 1951
berteplak Dyst (Flaanderen)
etnisiteit Flaamsk
jierren aktyf 1972 – no
prizen Gouden Keal 1986
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

De Jong waard yn 1951 berne yn it stedsje Dyst (Diest), yn Flaamsk-Brabân. Se studearre yn 1972 ôf by de Studio Herman Teirlinck yn Antwerpen en spile sûnt 1973 by Toneelgroep De Appel yn De Haach. Dêr fertolke se in grut tal toanielrollen, wêrûnder de titelrol yn 'e Shakespeariaanske komeedzje De Fekke Nuet, yn it seizoen 1978-1979. Sûnt 2004 is De Jong by De Appel ek wurksum as regisseur.

Har earste filmrol hie De Jong yn 1972 yn Elckerlyc, in ferfilming fan 'e fyftjinde-iuwske moraliteit Elckerlijc. Letter spile se û.m. mei yn Rooie Sien (1975), Pastorale 1943 (1978), Hoge Hakken, Echte Liefde (1981), De Boezemvriend (1982) en De Vierde Man (1983), mar by it grutte publyk waard se fral bekend mei har rol as de psychysk steurde mem Danny Gisberts yn Schatjes! (1984) en it ferfolch dêrop, Mama Is Boos! (1986). Letter wie se û.o. ek noch te sjen yn films as Terug naar Oegstgeest (1987), Van Geluk Gesproken (1987) en Mijn Vader Woont in Rio (1989).

Fierders hat De Jong ek tillefyzjewurk dien. Yn 1982 wie se bgl. te sjen yn 'e minysearje De Fabriek, en teffens hie se gastrollen yn searjes as Tatort en Zeg 'ns Aaa. Yn 1986 wûn se in Gouden Keal yn 'e kategory bêste aktrise foar har rol yn Mama is Boos!

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.