Geesje Beekman-Feddes (Ljouwert, 22 desimber 1831 - dêre, 24 septimber 1882) wie in Fryske skriuwster en feministe.

Geeske Feddes

Geesje wie de dochter Klaaske van der Meulen Heymans en keapman Cornelis Jansz Feddes. Geesje Feddes troude op 15 febrewaris 1855 mei de 17 jier âldere notaris Christiaan Houdijn Beekhuis. Beekhuis wie de jongste soan fan Janke Diderika Cloeck en Willem Beekhuis. Om't heit Cornelis gjin tastimming foar it houlik jaan woe krige Geesje skriftlike tastimming fan har mem. Hare vader, van wie zij de noodige toestemming tot dit huwelijk niet had bekomen, deswege voor genoemden kantonregter is gedagvaard, doch niet verschenen; gevende de Moeder van de bruid hare toestemming bij notariële akte. .... De hûshâlding mei tolve bern wenne yn Ljouwert oan de Twibaksmerk en letter op it adres Ossekop 13.

Hanna Beekhuis wie ien fan har bernsbern.

Geesje Feddes fersette har tsjin de neidielige posysje fan froulju yn en bûten it houlik, dy't wetlik fêstlein wie. Under it pseudonym ‘Eene Vrouw’ skreau se yn 1870 de brosjuere Gelijk recht voor Allen! Over de maatschappelijke positie van vrouwen.

Geesje Feddes stoar yn de âldens fan 50 jier en waard byset op it Nije begraafplak yn Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: