Gemeentehûs fan Baarn

It gemeentehûs fan Baarn siet oant yn de 18e iuw yn it skoutehûs oan de Brink fan Baarn. Laanstaat 1 is it âlde part fan it gemeentehûs. Yn 2009 is it âlde gemeentehûs yngreven restaurearre.

Laanstraat
Yngong Laanstraat
Brinkside
Haadyngong
Nijbougedielte

Mes Délices

bewurkje seksje

1741 liet de doetiidske skout CHr. W. Plesman oan it begjin fan de Laanstraat in hearehûs sette mei de namme 'Mes Délices'. Tusken 1732-1743 waard yn herberch it 'Stedswapen' oan de Brink fergadere, dêrnei yn Mes Délices.

Doe't skout Plesman yn 1750 spoarleas ferdwûn, sil grif ek in ein komd wêze oan de riedsgearkomsten yn dizze filla. Oant 1795, doe't it amt fan skout ôfskaft waard, waard wer fergadere yn it âlde skoutehûs. Oant 1865 hierde de gemeenteried in keamer yn it âlde rjochthûs dat troch steedhâlder Willem III boud wie, neidat hy de hege hearlikheid fan Baarn yn 1674 skonken krigen hie. Yn 1866 krige Baarn oan de Hoofdstraat har earste gemeentehûs.

Nijbou yn 1906

bewurkje seksje

Nei útwreidingen yn 1872 en 1889 besluet de ried yn de amtsperioade fan boargemaster F.F. baron d'Aulnis de Bourouill foar it hurd groeiende doarp yn 1906 in gâns nij gemeentehûs te bouwen. Dêrta waard de fille Mes SDélices foar f.36.000 oankocht en sloopt. It âlde riedhûs mei it postkantoar waard yn 1913 ferkocht en moast by eintsjebeslút wike foar de hjoeddeiske bibletteek.

Doe't A. Broer yn 1948 inkele beskôgingen wijde oan Paleis Soestdyk en omkriten, skreau hy oer it gemeentehûs fan Baarn: Het gemeentehuis van 1907 (een fataal jaar, een fatale tijd voor de bouwkunst!) heeft geen architectonische betekenis. Mar T. Pluim skreau al yn 1924 loovjend oer it Raadhuis met zijn monumantaal profiel en tsjintwurdich krijt it troch gemeentearsjitekt F.F. de Boois (yn funksje fan 1905 - 1939) ûntwurpen gebou mear wurdearring. It pân waard foltôge yn 1908 en foar f 50.196 boud troch oannimmer M.C. Konings út Nymwegen, de leechste fan de tweintich ynskriuwers. Frappant is dat De Boois keazen hat foar in opset as royale filla en net foar in mear klassisistysk hearehûstype mei bordes lykas by it âlde riedhûs út 1866. Foar in riedhûs waard meastentiids dat type as passend beskôge. Faaks dat de arsjitekt it karakter fan Baarn as filladoarp ta útdrukking bringe wold hat en in filla-eftich gemeentehûs passender fûn.

It gemeentehûs hat twa boulagen ûnder in gearstald dak, dekt mei laaien yn maasdekking. De belangrykste gevels site oan de Laanstraat, de eigentliks foargevel en de Brink. Beide gevels binne asymmetrysk. De foargevel bestiet fan links nei rjochts út in foarsprong mei hoektuorke, in weromlizzend diel mei yngong ûnder in luifel, in foarútstekkend diel mei dakhûs en inkele ynspringende dielen. De luifel hat noch de âlde haadfoarm, mar it glês-yn-lead is ferdwûn. De gevel oan de Brink hat yn de midden in topgevel en rjochts it neamde hoektuorke. It gebou hat in farieard silhûet. De boustyl is it bêst te omskriuwen as geometryske Jugendstil. Ek de goed bewarre sintrale treppen mei smeiïzeren stek yn Jugensdtil mei semintearre pylders.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fred Gaasbeek, Jan van 't Hof, Maarten Koenders Baarn, geschiedenis en architectuur, Zeist 1994