In generaal-op-see (soms oantsjut as generaal fan de float) wie de heechste militêre rang yn 'e Ingelske marine ûnder de Ingelske Republyk en it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (1649-1660). Dizze rang kaam yn it plak fan 'e rang fan admiraal, dy't foartiid yn gebrûk wie en ek neitiid wer brûkt waard. Alle generaals-op-see wiene eardere ofsieren út it Ingelske Leger. In generaal-op-see waard oansprutsen as 'generaal' of mei syn eardere lânmachtrang. Hjoed oan 'e dei wurde se faak gewoan 'admiraals' neamd, hoewol't dat histoarysk ynkorrekt is.

Yn febrewaris 1649, binnen in moanne nei de eksekúsje fan kening Karel I fan Ingelân, besleat it nije regear fan wat it Keninkryk Ingelân west hie, om 'e âlde Keninklike Marine (doe omneamd ta de Parlemintêre Marine) te herfoarmjen. Oan it haad fan 'e marine waarden doe lânmachtofsieren oansteld, fan wa't de trou oan it nije rezjym bûten kiif stie. De earsten fan dy generaals-op-see wiene de kolonels Robert Blake, Edward Popham en Richard Deane. Hja waarden ek beneamd ta kommissarissen foar de admiraliteit.

Popham waard nei syn dea yn 1651 ferfongen troch George Monck, dy't yn 1652 as sadanich beneamd waard en him ûntjoech ta de bekendste generaal-op-see. Hy soe neitiid in wichtige rol spylje by de Restauraasje fan it Hûs Stuart. Oare generaals-op-see wiene: George Ayscue, John Desborough, William Penn en Edward Montague, 1e greve fan Sandwich.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.