Geologysk monumint Wolterholten

It geologysk monumint Wolterholten is in samling balstienen noardwestlik fan Stienwyk yn de gemeente Stienwikerlân yn de provinsje Oerisel.

De swerfstiennen lizze by de buorskip Witte Paarden, besuden Baars en noardlik fan Tuk. It geologysk monumint leit beklamme tusken de Rykswei 32 en it spoar Arnhim - Ljouwert, oan de ûnferhurde wei Wolterholten en op de westlike side fan de Woldberg.[1]

Neist it monumint leit in heemtún. Op sa'n twa kilometer nei it easten lizze de balstiennen Koe en Kalf.

Doe't it ferkear fan Stienwyk nei it noarden drokker waard nei 1980, kaam der ferlet oan in autowei. Yn 1987-1988 waard noardlik fan Stienwyk de A32 oanlein. By de oanlis waard de Woldberch trochsnien en kamen der tsientallen stiennen boppe de grûn. Dêrmei makke Rykswettersteat it monumint.[2]

De stiennen komme út de balstienliem fan de driuwwâl dy't yn de op ien nei lêste iistiid ûntstie. Yn it liem sieten net allinne balstiennen, mar ek oare stiennen yn grutte ferskillend fan grint oant swerfstiennen. In tal stienblokken bedarren by partikulieren yn de tún. Ek binne der stiennen brûkt om de grins fan Fryslân mei Oerisel te markearjen en foar in keunstwurk dat de fjouwer seozoenen útbylde. Totaal 143 swerfstiennen hawwe har' plak fûn yn it geologysk monumint.

Ferskate stttttietnnen hawwe gletsjerskrassen. De stiennen krigen nûmers en boerden dy't oanjouwe hokker stiensoarten it binne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wolterholten Geologisch monument en heemtuin
  2. Geologisch monument Wolterholten, Aardkundige Waarden