Georg Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
Georg Frederik baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, (De Haach, 23 septimber 1733 – 6 augustus 1783 ) wie as regint grytman fan Menameradiel (1766) en lid fan de Ried fan Steat (1781) en kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy hat op it bûten Grut Terherne by Bitgum wenne. Mei Court Lambertus fan Beyma wie hy de siel fan it Frysk ferset yn de jierren 1782 - 1783.
Mei Nicolaas Tholen en J.F.M Herbell wie Georg Frederik útjouwer fan it Sjarterboek.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|