Johann Frederik Mauritz Herbell

Johann Frederik Mauritz Herbell (Rees, Kleverlân, Dútslân 1752 - Snits, 25 jannewaris 1819) wie in histoarikus.

Hy wie in soan fan J.C. Herbell fan Kleef. Hy studearre rjocht yn Frjentsjer (ynskreaun 1770, en Duisburg 1773).

Herbell wie hûslearaar by G. F. thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg en sadwaande behelpsum by it gearstallen fan it Sjarterboek. Herbell gie dêr mei troch nei 1783 oant de revolúsje fan 1795 de útjefte einige.

Letter wie er stedssekretaris fan Frjentsjer, Snits en presidint fan de rjochtbank yn Snits. Syn bibleteek waard yn 1855 oerdroegen oan it Frysk Genoatskip. Herbell is frijfeint bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Herbell, J.F.M..

  • Tresoar, Nieuwe rechterlijke archieven 1811-1838 (NRA)