Georges Claude
Georges Claude (Parys, 24 septimber 1870 - Saint-Cloud, 23 maaie 1960) wie in Frânsk yngenieur, gemikus en útfiner. Hy wie yn 1902 útfiner fan d earste neonferljochting, wêrby't in elektryske stroom oansluten waard op in tichte buis mei neon. Hy waard hjirby diels ynspirearre troch de "lampe fan Moore", ín útfining fan Daniel McFarlan Moore.
Yn 1923 yntrodusearre Georges Claude en syn Frânske ûndernimming Claude Neon, neonferljochting yn de Feriene Steaten, troch twa fan dizze neonlampen te ferkeapjen oan in Packard autodealer yn Los Angeles. Earle C. Anthony kocht twa "Packard" neonreklames foar de som fan $24,000. Dêrnei waard de neon ljochtreklame hurd populêr as bûtenreklame mei omdat de reklame ek rûnom sichtber wie en krige al gau de bynamme "floeiber fjoer".
As learling fan Jacques-Arsène d'Arsonval is Claude tegearre mei syn âld-stúdzjegenoat Paul Boucherot de útfiner fan it OTEC konsept (Ofkoarting fan it Ingelske Ocean Thermal Energy Conversion). Dizze technyk makket gebrûk fan it temperatuerferskil tusken it oerflaktewetter en de djippere lagen fan de oseaan om elektrisiteit op te wekken. Claude wie de earste persoon dy't in prototype foar in ynstallaasje fan dizze technology betocht. Claude boude de earste ynstallaasje yn 1930 yn Kuba. It systeem produsearre 22 kilowatt elektrisiteit troch middel fan in legedruk turbine.
Yn 1935 konstruearre Claude in oare ynstallaasje, diskear oan board fan in 10.000-tons frachtskip, foar de wâl oan de kust fan Brazylje. Beide ynstallaasjes waarden noch foardat dizze ûntwikkele wurde koenen ta krachtsintrales, ferwoaste troch it minne waar en de weagen.