Ger van Norden
Ger C. van Norden (Amsterdam, 1927 – It Hearrenfean, 9 jannewaris 2012) wie in Nederlânske keunstskilder en grafikus.
Hy wie ien fan de grûnlizzers fan it yn 1985 oprjochte bûn fan byldkeunstners Fria (Aldfrysk foar 'frij') in protest tsjin it belied fan de provinsje Fryslân om it apart leine jild foar it oankeapjen fan keunst fral te besteegjen oan BKR-keunstners.
Hy folge fan 1944 oant 1946 ûnder oaren in oplieding reproduksjetekenjen en ûntwerpen oan de Amsterdamske grafyske skoalle. Dêrnei helle er de Keunstnijverheidsskoalle, de Rietveldakademy fan no. Fuort dêrnei folge er noch in oplieding om tekenlearaar te wurden.
Yn de rin fan de tiid hie er tal fan útstallings yn Nederlân, België, Dútslân en Frankryk. Syn wurk is figuratyf mei soms in surrealistysk tintsje.
Ferskaat
bewurkje seksje- By gelegenheid fan syn útstalling yn it Grinzer Grafysk Museum ferskynde yn 2001 it boek Ger C. van Norden: eigenzinnige figuratie fan auteur Didi Loman