Gerard van Hulst
Gerard Johan Anthonie van Hulst (Amsterdam, 17 septimber 1909 — Breda, 13 maaie 1990) wie in Nederlânsk komponist, dirigint, skriuwer, dichter en skilder.
Gerard van Hulst | ||
skriuwer | ||
Gerard van Hulst | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gerard Johan Anthonie van Hulst | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 septimber 1909 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 13 maaie 1990 | |
stjerplak | Breda |
Van Hulst studearre oargel by J.F. Rootlieb, piano en koardireksje by Fred J.Roeske en komposysje by Daniel Ruyneman. Nei it beheljen fan syn muzykdiploma's festige hy him as dirigint yn Amsterdam. Van Hulst wie in tûzenpoat; hy skreau in 25-tal boeken wêrûnder Ynleiding ta de Keunstskiednis dat op middelbere scholen brûkt waard en 9 printingen meimakke.
As dirigint liede hy mear as 1000 muzykútfierings û.o. yn it Amsterdamske Konsertgebou en hy komponearre in soad muzykstikken, lykas in komposysje foar beiaard dy’t trochrinnend te hearren wie op it Nederlânske paviljoen fan de World Expo yn Brussel yn 1958 yn opdracht fan de Laura Spelman Rockefeller Foundation.
Hy wie ek mei-oprjochter en eigner fan it museum fan Easterwâlde wêr’t it publyk syn kolleksjes antyk, ikoanen, âlde-styl meubels en archeology bewûnderje koe. Hy joech dêr geregeld lêzings en organisearre dêr konserten. Foar syn fertsjinsten yn de keunstwrâld waard hy yn 1977 beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Yn 1984 gie hy nei Belgje wêr’t hy oant syn dea yn 1990 yn in filla yn Loenhout wenne. Gerard van Hulst is de biologyske heit fan aktrise Ine Veen en in broer fan prof.dr. Johan Willem van Hulst.