Gerhard Dietrich Ohling
Gerhard Dietrich Ohling, soms: Gerhart D. Ohling (Suurhusen, 25 april 1884 - Auwerk, 7 febrewaris 1963) wie in Dútsk filolooch, histoarikus en geneälooch.
Ohling kaam út in âld Eastfrysk boerelaach. Hy waard berne yn Suurhusen, krekt benoarden Emden. Ohling studearre tusken 1903 en 1907 Latyn, Gryksk en Germanistyk oan de universiteiten fan Tübingen, Leipzig en Göttingen, mar wie yn dy jierren ek (al) dwaande mei folkskunde en tsjerkeskiednis. Hy wie learaar oan it gymnasium oant 1924 en letter Studienrat.
Nei syn pinsjonearring lei er him folslein ta op geneälogy, toponimy en antroponimy fan East-Fryslân en skreau dêr goed 200, meast artikelen yn Heimatbeilagen fan kranten, en boeken oer.
Wurk (karút)
bewurkje seksje- Quaestiones Posidonianae ex Strabone conlectae, filologyske dissertaasje. Göttingen (1908)
- Krine Klaassen van Olinga (1928)
- Feriae Aricanae: Beiträge zur heimischen Kultur- und Sprachgeschichte (1933)
- Junker Ulrich von Dormun (1955)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Ohling, Gerhart D.. |