Gerhardus Berend Broekema
Gerhardus Berend Broekema (Assen, 2 febrewaris 1866 - Kampen, 3 augustus 1946) wie in Nederlânsk arsjitekt.
Biografy
bewurkje seksjeBroekema wie in soan fan timmerman Gerhardus Berend Broekema sr. Nei't er de HBS yn Assen helle hie waard er tekener ûnder ryksboumaster Jacobus van Lokhorst (1884-1906) by de bou fan het Gûvernemintsgebou op de brink fan Assen. Dêrnei waard er learling fan arsjitekt Derk Semmelink (1855-1899) fan Nymwegen en wie er in skoft wurksum foar de Provinsjale Wettersteat van Drinte en letter Oerisel.
Yn 1891 wûn er in priisfraach mei in ûntwerp fan in gesticht. Itselde sette er útein mei in eigen praktyk yn Swol. Hy foel yn de jierren dêrnei op mei in oantal ûntwerpen yn eklektyske styl, benammen fan winkels, mei robúst útwurke details. De Jugendstil mei syn rynske fersierings wie krekt wat foar him. De wente oan de Swolse Van Nagellstraat (1898) dy't er ûntwurp wie ien fan de earste huzen yn dy styl yn Noard-Nederlân.
Yn 1898 ferhuze er nei Kamper dêr't er beneamd wie ta haadopsichter by de Tsjinst Gemeentewurken. Tagelyk hie er dêr in praktyk as partikulier arsjitekt. Dat lêste joech wolris swierichheden mei't it ten koste fan syn wurk foar de gemeente gie. Hy naam ûntslach en gie selstannich fierder. Hy ûntwurp almeast gebouwen yn Kampen, Swolle en oanswettende gemeenten, mar ek yn Ljouwert en Almelo.
De tsientallen pânen yn Jugendstil wiene it hichtepunt yn syn oeuvre en behearre yn Nederlân ta de bêste foarbylden fan dy styl. Benammen in lunchroom yn Kampen en de Sintrale Apteek yn Ljouwert, mar ek in pear fillas yn Almelo en Stienwyk en de huzen oan de Emma- en Julianastraat yn Swol. Broekema wie in mearsidich arsjitekt. Hy ûntwurp fillas, wenten, winkels, pleatsen en yndustrygebouwen en paste him ek betreklik maklik by feroarjende moades oan.
Fierder siet er gâns in hoart yn de Kamper gemeenteried en wie er warber as boukundich adviseur yn de gemeenten om Kampen hinne.
Wurken
bewurkje seksjeIn kar:
-
Oudestraat 148, Kampen
-
Gasthuisstraat 1-1a, Kampen
-
Sintrale Apteek, Ljouwert
-
Van Nagelstraat 19, Swol
Literatuer
bewurkje seksje- Geraart Westerink. Villa's, veestallen en fabrieken: Leven en werk van architect G.B. Broekema (1866-1946). Kampen, Stichting Ijsselacademie, 2003.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gerhardus Berend Broekema fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |