Gerrit Ybema (Skettens, 29 oktober 1945 - Twellingea, 15 febrewaris 2012) wie in Fryske âld-amtner en âld-politikus foar D66. Letter waard hy ûndernimmer.

G. Ybema (1989)

Hy trochrûn de hbs yn Snits, wêrnei't hy ekonomy studearre oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêr studearre hy yn 1977 cum laude ôf. Nei in koarte perioade wurke te hawwen as beliedsmeiwurker by de gemeente Ynskedee, waard hy yn 1986 beliedsadviseur fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân.

Yn 1986 waard hy, foar D66 keazen as lid fan de gemeenteried fan Ljouwert. Yn 1989 waard hy foar deselde partij keazen as lid fan de Twadde Keamer. Dêr soe hy him benammen ûntwikkelje ta in deeglik finansjeel-ekonomysk wurdfierder fan syn partij. Hy waard ûnder mear foarsitter fan de Fêste Keamerkommisje foar Finânsjes.

Yn it Twadde kabinet Kok wie hy steatssekretaris foar ûnder oare Bûtenlânske Hannel. Yn dy hoedanigens liede hy ferskeidene hannelsmisjes en sette hy him yn foar in better tafersjoch op de wapenhannel en foar in better tagong fan Tredde Wrâldlannen ta de Jeropeeske merk.

Fan 2003-2011 wie Ybema foarsitter fan it Konsultatyf Orgaan, dat it Nederlânske regear advisearret oer it belied oangeande de Fryske taal.

Nei syn politike hie Ybema in eigen advys- en consultancybureau, Ybema Economy Solutions. Ek wie Ybema foarsitter fan it bestjoer fan de Fryske Havendagen, in fjouwerjierliks barren yn de stêd Harns. Ybema wie ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau en hie in grut netwurk, hie in soad byfunksjes en wie lid fan de Heeren Zeventien, in eksklusyf selskip fan ynfloedrike manlju yn Fryslân.

Gerrit Ybema wenne yn Twellingea en ferstoar op 15 febrewaris 2012 oan de gefolgen fan kanker. Ybema is 66 jier woarn en liet in frou en fiif bern nei.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: