Gerwin Hoekstra
Gerwin Hoekstra (* 22 novimber 1992 – † 27 novimber 2022) wie in bekende Nederlânske oargelist.
Gerwin Hoekstra groeide op yn it Grinslânske Winsum en begûn al as jonkje fan 8 jier op it oargel te spyljen. Hy wie de oargelist fan 'e PKN-gemeente Winsum-Halfamt en studearre by Erwin Wiersinga en Theo Jellema oan it Prins Claus Konservatoarium yn Grins, dêr't er syn bachelordiploma cum laude behelle.
Dêrnei ferhûze er nei de Feriene Steaten foar syn master en studearre oan it Oberlin Konservatoarium by James Christie, Mark Edwards en Webb Wiggings. Dêr wied er de oargelist fan 'e First Church fan Oberlin. Hoekstra wûn prizen yn it binnen- en bûtenlân, lykas de earste priis op it Govert van Wijn Concours.
Nei't Hoekstra werom yn Nederlân wie, folge er op 1 jannewaris 2020 Theo Jellema op as de fêste oargelist fan 'e Ljouwerter Grutte Tsjerke. Dêr spile er op it Müller-oargel, dat ien fan 'e belangrykste barokke oargels fan Nederlân is. Nei syn koronakonserten harken bytiden wol tûzenen minsken en wist er ek in bûtentsjerklik publyk oan te sprekken.
Yn 2021 waard by Hoekstra kanker ûntdutsen. De sykte waard yn 2022 slimmer en Hoekstra soe op 27 novimber dat jier yn it âlderlik hûs yn Winsum yn 'e âldens fan krekt 30 jier ferstjerre. Hoekstra waard fanút de Grutte Tsjerke op 3 desimber 2022 op it Algemiene Begraafplak yn Winsum begroeven.