Geslachtsripens

(Trochferwiisd fan Geslachtsripe)

Geslachtsripens of geslachtsrypheid tsjut it begjin fan it stadium yn it ferâlderingsproses fan organismen oan wêryn't dy har foar it earst súksesfol fuorplantsje kinne. Soms wurdt dit begryp as synonym mei folwoeksenens beskôge, om't it by de measte plante- en bistesoarten yndie fierhinne op itselde delkomt. By de minske, lykwols, wurde bern oan it begjin fan 'e puberteit geslachtsryp, om 'e tolve jier hinne (foar jonges faak ien of twa jier earder, by famkes soms ien of twa jier letter). By famkes kin dat punt tige sekuer fêststeld wurde oan 'e hân fan it begjin fan 'e menstruaasje. By jonges is it dreger oan te tsjutten, mar kin sjoen wurde nei it foar it earst krijen fan in ereksje of it hawwen fan wiete dreamen. Mei tolve jier wurde bern lykwols beslist noch net as folwoeksen beskôge.

It ferskynsel geslachtsripens komt fuort út it feit dat de measte mearsellige organismen by harren berte of ûntstean noch net by steat binne om har geslachtlik fuort te plantsjen. Ofhinklik fan 'e soarte kin it dagen, wiken, moannen of jierren duorje ear't harren lichems har safier ûntjûn hawwe dat soks troch hormonale feroarings wol mooglik wurdt. Ornaris kin men dêrby de stelregel oanhâlde dat wat grutter it bist, wat langer oft it duorret foar't de geslachtsripens berikt is. Soms kinne it ek útwindige omstannichheden wêze, lykas drûchte, dy't foar it lichem in teken binne dat it tiid is om geslachtsryp te wurden en dêr sadwaande yndirekt de oarsaak fan binne.

De ynwindige hormonale feroarings dy't de direkte oarsaak fan it berikken fan geslachtsripens binne, hâlde yn 'e regel ferbân mei de ûntjouwing fan sekundêre geslachtsskaaimerken. By de minske kin men yn dat ramt tinke oan (by jonges) in gruttere lichemslingte, sichtberder spieren, gruttere hiergroei oer frijwol it hiele lichem, it groeien fan burd en snor en in leechtoaniger stim, of (by famkes) it har ûntjaan fan boarsten, in koartere lichemslingte (as by jonges), rûnere foarmen en dêrtroch minder sichtbere spieren, folle minder lichemshier en in heechtoaniger stim. Sokke ferskynsels dy't in uterlik ûnderskie tusken de manlike en de froulike foarm fan deselde biologyske soarte meitsje, kinne beflapt wurde ûnder de term seksuële dimorfy.

Nei't it stadium fan geslachtsripens berikt is, is it foar organismen fan beskate soarten mooglik om ûnfruchtber te wurden of sels om fan geslacht te feroarjen. Fierders binne guon organismen hermafroditen en kinne (mar hoege net) geslachtsskaaimerken fan beide geslachten te kombinearjen. Ek is it mooglik, nettsjinsteande de sterke bân tusken geslachtsripens en lichaamlike ûntwikkeling, dat guon organismen alle uterlike skaaimerken fan in folwoeksen eksimplaar fan harren soarte al fertoane sûnder geslachtsryp te wêzen, of oarsom, dat guon organismen noch net of net alle uterlike skaaimerken fan in folwoeksen eksimplaar fan harren soarte fertoane wylst se al wol geslachtsryp binne. Dit lêste ferskynsel, wêrby't de seksuële ûntjouwing hurder giet as de lichaamlike ûntwikkeling, wurdt progeneze neamd. In ferskynsel mei itselde resultaat is neoteny, wêrby't de lichaamlike ûntwikkeling fertrage en dêrtroch ynhelle wurdt troch de seksuële ûntjouwing.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.