Gijs Groenteman (Amsterdam, 29 jannewaris 1974) is in Nederlânsk skriuwer, presintator en sjoernalist.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Groenteman (2022)

Hy presintearret alle wiken it radioprogramma Cantina foar de VPRO op Radio 6. Hy skreau trije boeken: De Willem Ruis Show oer Willem Ruis, Ischa, verhalen van vrienden, verwanten en vrouwen oer Ischa Meijer en Veertig jaar topamusement door de ogen van Guus Verstraete oer Guus Verstraete.

Hy is de soan fan Hanneke Groenteman. Nei it Barlaeus Gymnasium yn Amsterdam gie er oan it wurk as redakteur foar Laat de Leeuw (in show fan Paul de Leeuw), dêrnei as als programmamakker by de VPRO-radio, dêr't er gearwurke mei Teun van de Keuken. Anno 2007 is Groenteman, njonken presintator fan Cantina, fêste meiwurker fan VARA TV Magazine, Desmet Live mei Theodor Holman en einredakteur fan Šimek 's nachts.

Groenteman hat in relaasje mei Aaf Brandt Corstius, mei wa't hy sûnt 12 desimber 2009 in soan en sûnt 5 jannewaris 2011 in dochter hat.