Gitaar

(Trochferwiisd fan Gitaren)

In gitaar is in snaarynstrumint en wurdt mei de fingers of mei in plektrum bespile. It wurd gitaar is fan Perzyske oarsprong: it Perzyske wurd sihtar betsjut trije-snaar.

Spaanske gitaar
Luncht Gitaar

Gitaren ha meast 6 snaren. De meast gongbere stimming is (fan leech nei heech) E-A-d-g-b-e. Dy stimming jout in goed kompromis tusken it maklik spyljen fan in soad akkoarden en de mooglikheid om mei beheinde beweging yn de toetshân in toanljedder te spyljen. Oare stimmings binne ûnder oare E-A-d-f#-b-e (dat binne deselde ynterfallen as op de luit), D-G-d-g-b-d (zg. "iepen G", wurdt in soad brûkt foar blues en slide-gitaar), D-A-d-g-b-e (saneamde "dropped D/drop D", in soad brûkt troch nu metal bands en yn blues) of D-A-d-g-a-d (wurdt gauris brûkt by folk). Dy saneamde alternative stimmings wurde, sa't hjirboppe al oanjûn is, meast brûkt foar spesifike muzykstilen.

Mar in bytsje ynstruminten ha in skiednis fan mear as 500 jier. It súkses fan likegoed de Spaanske Vihuela da mano, seiskoarige (seis dûbelde snaren), as de Italjaanske renêssânsegitaar, fjouwerkoarige (fjouwer dûbelde snaren), ha bydroegen oan de ûntjouwing fan de Guitarra Spagnola. Dy gâns fersierde en mei fiif dûbelde snaren bespande barokgitaar is yn Spanje ûntstien oan de ein fan de 16e iuw.

Net allinnich yn Spanje mar yn de measte West-Jeropeeske lannen waard dat ynstrumint bespile yn aristokratyske rûnten dêr't it oars mear wurdearre waard as yn Spanje sels. Gitaristen lykas Robert de Visée en Francesco Corbetta wiene fêst ferbûn oan it hôf fan Lodewijk XIV. Harren muzykbondels waarden opdroegen oan de kening dy't sels in ferwoeden gitaarspiler wie, lykas syn dochters.

Om 1780 hinne wurdt noch in sechsde snaar oan de Guitarra Spagnola tafoege. De measte seiskoarige gitaren yn Spanje binne boud yn Cádiz. Sawat op itselde stuit wurde de seis koaren ûntdûbele, earst yn Franryk en Itaalje, Spanje folge gâns letter. Ek de snaarspanning waard heger. Dat wurdt dan in seis-snarige romantyske gitaar neamd mei syn tipyske snorfoarmige kaam. Wenen en Parys wiene de wichtichste gitaarsintra dêr't gitaarfirtuoazen lykas bygelyks Mauro Giuliani en Fernando Sor aktyf wienen.

Yn de 19e iuw wurde meganyske stimskroeven tafoege, en om 1884 hinne bout Antonio de Torres Jurado de earste gitaar dy't kwa foarm en bouprinsipes mar in bytsje mear ôfwykt fan de 'klassike gitaar' sa't wy dy hjoed de dei (2007) kenne. De hjoeddeiske gitaartechniken binne foar in grut part basearre op it wurk fan gitaristen lykas Francisco Tarrèga en Emilio Pujol.

Yn de 20e iuw ha yn Spanje de gitaristen Andres Segovia en Narciso Yepes - yn Parys folge troch Alexander Lagoya en Ida Presti en yn Ingelân troch Juliam Bream en John Williams - foar it grutte trochbrekken soarge. Ek it Concierto de Aranjuez fan de komponist Joaquín Rodrigo is by in grut publyk bekend.

  • Klassike gitaar of Spaanske gitaar. In gitaar mei nylon snaren (eartiids termsnaren) en de bassnaren mei metaalomwuolle sidetried.
  • Flamencogitaar is wat lichter boud as de klassike gitaar en hat in tinner boppeblêd en dêrtroch in wat hurder en skerper lûd, mar koarter trochklinkend. It ynstrumint wurdt suver allinnich yn Flamencomuzyk brûkt.
  • Steelstringgitaar of Westerngitaar: In gitaar mei stielen snaren, smelle hals en grutte klankkast. Om de ekstra spanning fan de stielen snaren oan te kinnen, rint der meast in stielen pinne troch de hals fan de gitaar. Dy pinne kin steld wurde troch him koarter om langer te draaien. Dêrtroch beweecht de hals in bytsje fan de snaren ôf of der krekt op ta. Op dy wize kin mei de pinne it kromlûken fan de hals korrisearre wurde. De stielen snaren jouwe in hurdere, heldere toan. Dizze gitaar is ûnmisber yn folk- en bluesmuzyk en wurdt ek wol oantsjut mei western-gitaar of flattop-gitaar. In fariant fan dit soarte gitaar is de Weissenborn, in steelstringgitaar dy't op skurte lein wurdt om te bespyljen.
  • Resonatorgitaar: In gitaar mei stielen snaren, smelle hals en in metalen/aluminium klankkast. Dit type is benammen bekend ûnder de namme 'Dobro', merknamme fan de Dopyera-broers. De hals koe rûn of blokfoarmich wêze, dy lêste fariant is meast foar slide gitaarspyljen wêrby't in metalen buis (slide) oer de snaren skood wurdt. De metalen klankkast makket in hurde, felle toan. Dy gitaar wurdt foaral yn Countrymuzyk- en bluesmuzyk brûkt.
  • Archtopgitaar: Dit is in fariant op de steelstringgitaar. Dêr't de oare gitaren in flak boppeblêd hawwe, hat de archtop in bôgjend boppeblêd; it ûntwerp liket ynspirearre troch de fioele. Dy fariaasje waard ûntwurpen neidat Gibson in type mandoline stal jûn hie yn deselde styl. Beide ynstruminten waard fuortdalik adoptearre troch jazz- en country-muzikanten, mar foelen net yn 'e smaak yn de Rock en Roll om't it ûntwerp in soad fersterking net oan kin.
  • 7-snarige gitaar: De 7-snarige gitaar is in relatyf jonge tafoeging oan de gitarestambeam. Hy komt foar 't earst foar 't ljocht yn de fyftiger jierren yn de hannen fan jazzgitaristen as Bucky Pizzarelli en George van Eps. Dêrnei hearre wy tsientallen jierren neat mear fan dizze gitaar oant yn de njoggentiger jierren Steve Vai de gitaar begjint te bespyljen. Oer it algemien wurdt de 7-snarige gitaar brûkt om de ekstra bassnaar oan de 6-snarige hals ta te foegjen, dus by de 'normale' stimming komt der in B-snaar by. De 7-snarige gitaar wurdt ek in soad brûkt yn moderne metalbands, ien fan de earsten dy't dêrmei begûn is de band KoЯn.
  • 12-snarige gitaar: steelstring-gitaar mei 6 dûbelkoarige stielen snaren. Dy wurdt benammen brûkt yn folk en Rock en Roll. De snaren binne of neffens stel itselde stimd (de boppeste twa) of in oktaaf ferskillend (de rest).
  • Elektryske gitaar: elektryske gitaren ha in massive kast, en meitsje sûnder fersterker amper lûd. Elektromagnyske opnimmers ('eleminten' of 'pickups') sette it triljen fan de stielen snaren om nei elektryske synjalen dy't troch in kabel of stjoerder trochjûn wurde oan in fersterker. Dizze gitaar wurdt in soad brûkt yn de blues en de rock en roll, en dêrneist yn sjenres as metal, ska, punk, rock en hardrock. De elektryske gitaar is sawat tagelyk útfûn troch Les Paul en Leo Fender.
  • Elektryske basgitaar: In ynstrumint dat in soad op de elektryske gitaar liket. Ferskillen binne de toanhichtes dy't it ynstrumint meitsje kin en it tal snaren. De basgitaar jout legere toanhichtes en hat ornaris 4 snaren; inkeld lykwols 5 of 6. De stimming is fan leech nei heech: E-A-D-G. By 5-snarige basgitaren is in B tafoege dy't ûnder de E sit kwa toanhichte. It gebrûk fan de basgitaar is sawat itselde as by de elektryske gitaar. Yn jazz, blues, folk en country wurdt, as der in basynstrumint is, meast in kontrabas brûkt.
  • Prepared gitaar: de prepared gitaar is in gitaar dêr't it timbre fan feroare wurdt troch ferskate dingen op of tusken de snaren fan it ynstrumint te setten. In foarbyld dêrffan is de troch Yuri Landman makke elektryske gitaar mei in tredde brêge, de Moodswinger.

Der kin ûnderskied makke wurde tusken akoestyske en elektryske gitaren. Dêrneist binne der ek hibriden en mear eksoatyske farianten lykas in gitaar mei twa halzen.

Der binne ferskate aksessoires op 'e merk foar gitaristen, likegoed foar de klassike gitarist as foar de elektryske gitarist. Dy aksessoires binne der dan ris om it gitaarspyljen makliker te mitsjen lykas in plektrum, dan ris om in oar lûd of oare effekten te krijen lykas by de Capo en effektpedalen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje