Giuseppe Arcimboldo
Giuseppe Arcimboldo (Milaan, 1526 of 1527 - 11 july 1593) is in Italjaanske keunstskilder út de Itaaljaanske Renêssânse dy't benammen bekend waard mei portretten dy't gearstald wienen út alderhanne foarwerpen lykas grienten, fruit, blommen, boeken en fisken.
Biografy
bewurkje seksjeArcimboldo wurke yn it earstoan krektas syn heit as skilder oan de katedraal fan Milaan, oant hy yn 1562 oan it hof yn Praach ûntbean waard troch de Habsburchske keizer Ferdinand I. Ek dy syn opfolgers Maksimiliaan II en Rudolf II wienen tige ûnder de yndruk fan Arcimboldo syn talinten. Hy bleau oant koart foar syn dea oan it hof wurkjen as skilder, mar ek as arsjitekt, ûntwerper fan bizarre kostúms en dekors en as organisator fan grutte festiviteiten en toernoaien. Syn wurk waard yn ambachtlik en keunstsinnich opsicht tige wurdearre, en it eksintrike, bytiden komyske effekt foarme grif in wolkomme ôflieding fan de hurde politike realiteit fan aldendeis.
Wurken
bewurkje seksjeArcimboldo krige syn hjoeddeiske bekendheid troch de artistike útfining fan it komposysjeportret. Al direkt nei oankomst op it Habsburchskse hof skildere hy dêr de earste ferzje fan De Fjouwer Seizoenen: portretten, gearstald út blommen, fruchten, tûken en blêden. Sa bylde hy net allinnich de seizoenen út, mar ek de eleminten wetter en fjoer.
-
Winter, Kunsthistorisches Museum, Wenen
-
Maitiid, 1573, Musée du Louvre, Parys
-
Simmer, 1573, Musée du Louvre, Parys
-
Hjerst, 1573, Musée du Louvre, Parys
Skilderstyl
bewurkje seksjeArcimboldo heart ta in rjochting yn de Renêssânse dy maniërisme neamd wurdt. It wurk fan de Fryske keunstner Machiel Braaksma docht yn de fierte tinken oan de styl fan Arcimboldo.[1]
Musea
bewurkje seksjeDe wurken fan Arcimboldo binne yn ferskate musea, ûnder oare yn:
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|