Glenn Hammond Curtiss (Hammondsport (New York), 21 maaie 1878 - Buffalo, 23 july 1930) wie in Amerikaansk, ûndernimmer, piloat, konstrukteur en pionier fan de Amerikaanske loftfeartyndustry.

Glenn Hammond Curtiss yn 1909
Glenn Curtiss, augustus 1909 yn Frankryk

Hy sette syn karriêre útein as hurdfytser en fytsmakker; letter ferruile er de fyts foar de motorfyts. Al yn 1904 sette er útein mei de fabrikaazje fan motors foar loftskippen. Yn 1908 waard er lid fan de Aerial Experiment Association (AEA), in ûndersyksgroep dy't pionierre op it mêd fan de loftfeart, en stichte waard troch Alexander Graham Bell yn Beinn Bhreagh Nova Scotia.

Curtiss makke de earste offisjele flecht yn Noard-Amearika dêr't tsjûgen by wiene, wûn in race by de earste Grande Semaine d'Aviation-wedstriid yn Reims (Frankryk) en makke de earste lange-ôfstânsflecht yn de Feriene Steaten. Curtiss syn bydragen oan it ûntwerpen en bouwen fan fleanmasines late ta de oprjochting fan de Curtiss Aeroplane and Motor Company, no in ûnderdiel fan Curtiss-Wright Corporation. Syn bedriuw boude fleantugen foar it Amerikaanske leger en de marine, en yn de oanrin nei de Earste Wrâldkriich laten syn eksperiminten mei wetterfleantugen ta foarútgong fan de maritime fleanderij. Curtiss syn boarger- en militêre fleantugen oerhearsken de Amerikaanske loftfeart yn it ynterbellum.

Glenn Hammond Curtiss waard 1964 opnaam yn de National Aviation Hall of Fame, yn 1990 yn de Motorsports Hall of Fame of America, yn 1998 yn de Motorcycle Hall of Fame en yn 2003 yn de National Inventors Hall of Fame. It National Air and Space Museum fan it Smithsonian Institute hat in tal orzjinele dokuminten en in tal fleantugen, motorfytsen en motoren fan Curtiss. Yn Hammondsport stiet it Glenn H. Curtiss Museum.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Glenn Curtiss fan Wikimedia Commons.