Globodera rostochiensis
Globodera rostochiensis is in ierdappelsyste-ieltsje dat ierdappelwurgens feroarsaket, mar ek op tomaten foarkomt. It syste-ieltsje is ferneamd nei it earste fynplak fan dizze sykte yn Jeropa oan it begjin fan de 20e iuw. Dat wie yn Rostock yn it noardeasten fan Dútslân. Binnen dizze soarte komme ferskillende patotypen foar. Patotipen ferskille yn har fermogen om har te fermearderjen op resistinte rassen. Der binne op ’t heden 5 patotypen bekend: Ro1, Ro2, Ro3, Ro4 en Ro5. Ro1 komt yn Nederlân it meast foar en Ro4 en Ro5 it minste.
Globodera rostochiensis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Globodera rostochiensis | ||||||||||||
Wollenweber, 1923 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Biology
bewurkje seksjeDe nematoade hat fjouwer larvale stadia. It folwoeksen stadium is allinnich foar de reproduksje.[1]. De larven fan it twadde larvale stadium foarmje systen, Se wurde lokt troch útskiedings fan de woartel en kringe mei in stilet, dy’t yn de mûleholte sit, de woartelsel yn. Yn it folwoeksen stadium bliuwt it wyfke oan de woartel fêstsitten, wylst it mantsje him troch de grûn nei it wyfke beweecht. Nei de befruchting giet it mantsje dea en ûntwikkelet it wyfke har fierder.[1]. Se ferkleuret fan wyt nei goudgiel[2]. De aaikes ûntwikkelje har yn it lichem fan it wyfke. As de aaikes ryp binne falt it wyfke fan de woartel en giet dea, wêrby’t de hûd fan it wyfke donkerbrún kleuret. Dy systen binne sawat 1 mm grut mei in leareftige hûd. Yn dy systen sitte yn it oanbegjin sa’n 400 aaien mei jonge larven. De deade syste kin de aaikes oant 20 jier beskermje.[2]. Jierliks giet sawat in tredde part fan de aaien dea. Earst as der ierdappels yn de grûn set wurde, komme de larven út de aaien.
Resistinsje
bewurkje seksjeDe ferskillende rassen fan ierdappel ferskille yn resistinsje tsjin de ferskillende patotypen. It is mooglik om oan de hân fan in meunster út te meitsjen hokker patotypen yn de grûn sitte, en dêr de kar fan de rassen fan ôfhingje te litten.
Hoe sterk ierdappelsyste-ieltsjes har op de woartels fan in ierdappelras fermearderje is it jier, it ras en it persiel oars. Dêrom wurdt der oan relative fetberens wurke, de resistinsje fan in resistint ras foar in fetber ras oer. By it kweken fan in
- heechresisting (HR) ras nimt de ieltsjepopulaasje mei mear as 80% ôf (pf/pi=0,00-0,20). De relative fetberens is 0,0-0,5%.
- resistint (R) ras nimt de ieltsjepopulaasje mei 35-80% ôf (pf/pi=0,20-0,65). De relative fetberens is 0,6-1,6%.
- licht fetber (LF) ras kin de ieltsjepopulaasje ôfnimme mei 35, mar op syn meast ek 300% tanimme (pf/pi=0,65-3,0). De relative fetberens is 1,7-9,0%.
- fetber (F) ras nimt de ieltsjepopulaasje mei mear as 300% ta (pf/pi⇒3,0). De relative fetberens is 9,1-100%.
De pf/pi is de ferhâlding fan de einpopulaasje ieltsjes foar de begjinpopulaasje oer. Sa is by in pf/pi fan 0,1 de einpopulaasje noch mar 10% fan de begjinpopulaasje.
Jeropeeske klasse-yndieling fan de Relative
Fetberens | |
---|---|
Relative fetberens | Klasse-yndieling |
< 1 | 9 |
1,1 – 3 | 8 |
3,1 – 5 | 7 |
5,1 – 10 | 6 |
10,1 – 15 | 5 |
15,1 – 25 | 4 |
25,1 – 50 | 3 |
50,1 – 100 | 2 |
> 100 | 1 |
Sjoch ek
bewurkje seksjeEksterne links
bewurkje seksje- Resistentieonderzoek-aardappelmoeheid
- Brochure Aardappelmoeheid
- Nieuwe bestrijdingsrichtlijn aardappelmoeheid per 1 juli 2010
- Lijst-aardappelrassen-met-het-bijbehorende-resistentieniveau-am
- Aardappelmoeheid regelgeving
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |