In goði (gauris skreaun mei de ferienfâldige stavering gothi of soms godhi) wie yn 'e Wytsingtiid in Aldnoarske oantsjutting foar in heidensk preester en letter foar in haadman. De útspraak fan 'e letter eth (ð) is gelyk oan 'e stimhawwende th, lykas yn it Ingelske wurd this. De meartalsfoarm is goðar, en de froulike wjergader, foar in heidensk preesteresse, is gyðja.

In ôfbylding fan in goði dy't de lieding hat oer in offerritueel oan 'e god Tonger (Thor).
Skilderij: Offer, troch J.L. Lund.

In soartgelikense term stiet yn 'e oersetting fan 'e Bibel nei it Eastgermaanske Goatysk, dy't yn 'e fjirde iuw skreaun waard troch biskop Wulfila. Dêr wurdt it wurd foar 'preester' nammentlik werjûn as gudja, dat korrespondearret mei gyðja, de froulike foarm fan goði yn it Aldnoarsk. De manlike Aldnoarske foarm soe yn it Goatysk skreaun wêze as *gyði, mar dy foarm kaam (doe) blykber yn it Goatysk net (mear) foar.

Yn it gebiet fan 'e Noardgermaanske talen, yn Skandinaavje, is út it Oernoardsk de foarm gudija oerlevere op 'e runestien fan Nordhuglo, yn Noarwegen (Rundata N KJ65 U). Ut it lettere Aldnoarsk is de foarm goði fan it fêstelân fan Skandinaavje bekend fan 'e Stien fan Glavendrup (DR 209) en de Runestien fan Halnæs (DR 190), beide út Denemark. Der binne ek inkele plaknammen, lykas Gudby yn it Sweedske Södermanland, dêr't de term wierskynlik yn oerlevere is. Mar fierders is de oantsjutting goði inkeld bekend út Iislân.

Yn 'e Wytsingtiid wie goði oarspronklik de oantsjutting foar in heidensk preester. Sadwaande ûntjoech de term him nei de Kolonisaasje fan Iislân op dat eilân ta de foarm hofgoði, dat "timpelpreester" betsjut. Sokke hofgoðar ûnderholden in mienskiplik gebou, in timpel of hof, dêr't de mienskip út dy krite gearkaam om hjeldagen en religieuze feesten te fieren. Hja wiene dêrom lju fan kwizekwânsje, dy't ornaris yn begoedige steat libben en yn heech oansjen stiene. De krite dy't ûnder de hof fan in goði foel, hiet in goðorð.

Nei ferrin fan tiid, en benammen nei't de Iislanners yn 1000 it kristendom oannommen hiene, ferlear de term goði syn religieuze konnotaasjes en waard it in gewichtich synonym foar haadman. Mids tweintichste iuw, doe't it modern heidendom op Iislân opkaam, waard de term goði troch de Ásatrúarfélagið, ien fan 'e earste heidenske tsjerkgenoatskippen, wer ynfierd as term foar 'preester'. De hegepreester fan 'e Ásatrúarfélagið is de allsherjargoði.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.