Goaiïngahúster Sleat

De Goaiïngahúster Sleat (Offisjeel Frysk) is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De feart leit tusken de Kromme Ie en de Modderige Bol en is dêrmei in part fan it trochgeand farwetter fan Grou nei Drachten.

De Goaiïngahúster Sleat by De Kobben

De eastein fan it wetter hat in syl, dat tegearre mei in syl yn de westein fan de Janssleat, if farwetter by 't winter ôfslute kin fan it boezemwetter. Oan de Goaiïngahúster Sleat leit minikemping De Dobbe.

De namme Goaiïngahúster Sleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Goëngahuistersloot. Beide nammen ferwize nei it doarp Goaiïngahuzen, dat eartiids foar it grutstepart by de trijehoek fan Aldfeart, Goaisleat en de Goaiïngahúster Sleat lei, mar wêrfan de suderbuorren in de rin fan de tiid safolle wichtiger wurden binne dat de buorren him ferplakke hat nei de súdwestkante fan de Modderige Bol.