Gosj
Gosj (Armeensk: Գոշ) is in doarp yn 'e gemeente Dilidzjan fan 'e Armeenske provinsje Tavûsj.
Gosj Գոշ | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
provinsje | Kotajk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.115 (2011) | |
Hichte | 1.215 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+4 | |
Koördinaten | 40°43'N 44°59'E | |
Kaart | ||
It doarp is ferneamd nei Mkhitar Gosj (1130-1213), dy't in earder kleaster yn 'e 12e en 13e iuw werboude, dat by in ierdskodding yn 1188 ferneatige waard. It nij boude kleaster waard letter Gosjavank neamd. Dat kleaster stiet wat ôfsidich fan 'e belangrykste dyk troch it doarp.
Op 'e heuvel west fan it kleaster stiet de Sint-Joariskapel, dat as de grêfkapel foar Mkhitar Gosj tsjinne. Tichteby binne ek de resten fan wat it hûs fan Mkhitar west hawwe soe. De stiennen fûneminten en legere muorredielen binne dêrfan noch oerbleaun.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Sint-Joariskapel.
-
Gosjavank.
-
Byld Mkhitar Gosj.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gosj fan Wikimedia Commons. |