Gosjavank
Gosjavank (Armeensk: Գոշավանք) wie foarhinne in kleaster fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke. It kleaster waard yn 'e 12e en 13e iuw boud en leit yn it doarp Gosj oan 'e rjochter kant fan 'e Getik-rivier yn 'e noardeastlike provinsje Tavûsj. In pear kilometer fierder leit it midsiuwske kleaster Haghartsin.
Gosjavank Գոշավանք | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
Provinsje | Tavûsj | |
plak | Gosj | |
koördinaten | 40°43'N 44°59'E | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 1188-13e iuw | |
Kaart | ||
It kleasterkompleks is goed bewarre bleaun en in wichtige toeristyske trekpleister.
Skiednis
bewurkje seksjeIt ferfong eartiids in âlder kleaster dat de namme Getik droech en by in ierdskodding yn 1188 ferneatige waard. It hjoeddeiske kleaster wurdt dêrom ek wol Nor Getik (Nij Getik) neamd. Yn 'e 12e en 13e iuw hearde it kleaster by ien fan 'e wichtichste religieuze sintra fan it midsiuwske Armeenje. Yn it kleaster wurke de yn dy tiid meast betûfte gelearde en wittenskipper fan it lân, Mchitar Gosj (1130-1213). Nei syn dea krige it kleaster de namme Gosjavank.
It tsjintwurdige kleaster waard tusken 1188 en de ein fan 'e 13e iuw boud. Mchitar Gosj boude ynearsten in houten tsjerke, dy't oan Soerp Karapet (Jehannes de Doper-tsjerke) wijd waard. Dêrnei waarden yn 1191 de fûneminten lein foar it grutste gebou fan it kleaster, de Soerp Astvatsatsin (Tsjerke fan 'e Mem Gods), dat yn 1197 ynwijd waard. Tagelyk mei dy katedraal waard ek de oan 'e westlike kant oanboude narteks (gavit) foltôge. Oan 'e súdkant fan 'e narteks en westlik fan in rige fan trije kapellen waard fan 1237 oant 1241 noch de Soerp Grigor Lûsavoritsj Gregoarius de Ferljochterkapel tafoege. Súd fan 'e Mem-Godstsjerke stiet de Soerp-Grigor (1208-1231)'. De tsjerke hat hast in identyk ûntwerp as de Soerp Astvatsatsin en stiet nei alle gedachten op it plak dêr't earder de Soerp Karapet stie.
Noard fan 'e narteks fan 'e Soerp-Asvatsatsin is oer in galerij fan rûne bôgen it skriptoarium of de bibleteek (1241) oan it kompleks ferbûn. It waard eartiids brûkt om manuskripten te meitsjen. Der wurdt fanút gien dat de skoalle fan it kleaster, dy't der neffens histoaryske boarnen wie, west fan it skriptoarium stien hat. Der waarden û.o. stúdzjes Armeensk en frjemde talen, grammatika, filosofy en kalligrafy oanbean. Nei de dea fan Mchitar Gosj levere de skoalle noch in grut tal yntellektuelen en wittenskippers.
It kleaster is ferneamd om de tige detaillearre krússtiennen. Alle gebouwen fan it kompleks binne oan inoar of hast oan inoar boud.
Op 'e oare kant fan 'e dellinge stiet op 'de helling de Soerb Geworg (Sint-Joaristsjerke). De tsjerke datearret fan 1254 en soe it plak west ha dêr't Mchitar Gosj yn 't lêst fan syn dagen oant syn dea yn 1213 trochbrocht. Westlik, in bytsje hegerop, stiet de tombe fan Mchitar Gosj.
Plattegrûn kleastergebouwen
bewurkje seksje- 1. Soerp Astvatsatsin (Tsjerke fan de Hillige Mem Gods; boud yn 1191-1196)
- 2. Soerp Grigor (Sint-Gregoariustsjerke; boud yn 1208-1241)
- 3. Soerp Grigor Lûsavoritsj (Kapel fan Gregoarius de Ferljochter) (boud yn 1237-1241)
- 4. Dûbele kapel
- 5. Kapel
- 6. Narteks fan 'e Soerp Astvatsatsin (boud yn 1197-1203)
- 7. Klokketoer en bibleteek (boud yn 1241-1291)
- 8. Skoalle (13e iuw)
- 9. Galerij (13e iuw)
(bûten de plattegrûn) Soerp Geworg
Ofbylden
bewurkje seksje-
Byldhouwurk.
-
Soerp Geworg.
-
Krússtien.
-
Klokketoer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|