Gospa od Škrpjela
Gospa od Škrpjela ('Us Frou fan de Rotsen' of Madonna dello Scarpello) is in oanlein eilân yn de Baai fan Kotor, yn Montenegro. It is ien fan de twa eilannen ûnder de kust fan Perast (it oare is Sveti Đorđe). It eilân is ûntstien troch it te sink litten fan âlde skippen laden mei rotsen. Ek no noch wurde der balstiennen yn see smiten op it feest fašinada op 22 july.
Op it eilân Gospa od Škrpjela stiet ek de Crkva Gospa od Škrpjela ('tsjerke fan Us Frou fan de Rotsen') (Italjaansk: Chiesa della Madonna dello Scarpello). De earste tsjerke op it eilân dêr't wy fan witte, waard boud yn 1452; dy fan no is fan 1632 en waard ferbettere yn 1722.