De Baai fan Kotor (Boka Kotorska) is in baai yn it súdwesten fan Montenegro. It is ien fan de meast wichtige toeristyske bestimmingen fan Montenegro. De Baai fan Kotor hat in soad pittoreske plakken, sa as Kotor, Risan, Tivat, Perast en Herceg Novi, en ek in protte tsjerken en kleasters dy't it besjen wurdich binne. Yn de baai lizze ferskate eilannen, sa as Gospa od Škrpjela en Sveti Đorđe.

Baai fan Kotor
geografy
type wetter baai
lokaasje súdwestlik Montenegro
lân Montenegro
koördinaten 42°26′ N, 18°38′ E
ûnderdiel fan Adriatyske See
sifers
maks. lingte 28,1 km
maks. breedte 7,0 km
oerflak 87 km²
djiptegemiddelde 27.30 m
djipste punt 60 m
wetterfolume 24,1 km³
It eilân Sveti Đorđe (Sint-Joaris) yn 'e baai.
It eilân Sveti Đorđe (Sint-Joaris) yn 'e baai.
Utsjoch op de Kotorbaai


Oan de baai wenje benei 30.000 minsken, dy't meast ortodokse en roomsk-katolike kristenen binne. De Kotorbaai wurdt bekerme troch de UNESCO, fanwege syn grutte kultuerele wearde. Yn 1979 waard de baai rekke troch in ierdskodding, wat is soad skea jûn hat oan de monuminten yn de kontrei.

It eilân Mamula