Gottfried Wilhelm Leibniz
Gottfried Wilhelm Leibniz, ek as Leibnitz, von Leibniz stavere (Leipzig, 1 july 1646 – Hannover, 14 novimber 1716) wie in mearsidige Dútske wiskundige, filosoof, logikus, natuerkundige, histoarikus, rjochtsgelearde en diplomaat en wurdt beskôge as ien fan de grutste tinkers fan de 17e iuw. Hy ûntwikkele min of mear tagelyk mei (mar ûnôfhinklik fan) Isaac Newton in tûke fan de wiskunde dy't bekend stiet as de 'calculus' (differinsjaal- en yntegraalrekkenjen). Wa fan de twa de earste wie mei dy wichtige bydrage oan de wiskunde, hat ta in geweldich spul laat tusken dizze hearen. Leibniz stiet te boek as in foarrinner fan de Dútske Ferljochting, de Aufklärung.
Yn de filosofy wurdt hy sjoen as rasjonalist. Hy wurdt beskôge as in optimist, dit nei oanlieding fan syn oertsjûging dat it hielal, dêr't wy yn libje, it bêste universum is dat God skeppe koe. Syn filosofy is net allinnich suver rasjonalistysk. Oan de iene kant is it djip woartele yn de Skolastyk, oan de oare kant rint er foarút, en antisipearret op lettere ûntwikkelingen yn logika, biology, geology, mynbou, wierskynlikheidslear, linguïstyk en ynformatika. Dêrnjonken skriuwt hy ek oer polityk, rjocht, etyk, teology, skiednis en filology. Syn bydragen binne ferspraat oer in protte publikaasjes, net-publisearre manuskripten en fral yn tsientûzenen brieven. Oant en mei de dei fan hjoed, 300 jier nei syn dea, bestiet der gjin folsleine edysje fan Leibniz syn skriften.
Literatuer
bewurkje seksje- (in) Maria Rosa Antognazza Leibniz - An Intellectual Biography, Cambridge University Press, Cambridge (2008) ISBN 978-0-521-80619-0