Granite Falls (Minnesota)
Granite Falls (útspr.: ['ɡɹænait fɔ:lz]) is in stêd yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. It is it haadplak fan Yellow Medicine County, al stekt it foar in diel út oer de grinzen fan 'e oanbuorjende countys Chippewa en Renville. It Andrew John Volstead House, in nasjonaal histoarysk monumint, stiet yn Granite Falls. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan 'e stêd doe op krapoan 2.900 minsken.
Granite Falls | ||
Prentice Street, yn it sintrum fan Granite Falls. | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Minnesota | |
County | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.897 (2010) | |
Oerflak | 9,9 km² (ynkl. wetter) 9,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 311,2 / km² | |
Hichte | 280 m | |
Oar | ||
Stifting | 1872 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 44°48′38″N 95°32′36″W | |
Offisjele webside | ||
www.granitefalls.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Granite Falls yn Yellow Medicine County en yn 'e steat Minnesota. |
Skiednis
bewurkje seksjeGranite Falls is neamd nei it weardefolle granyt dat dêr oarspronklik út stiengatten wûn waard. De delsetting waard stifte yn 1872 en krige formeel de status fan stêd yn 1889. Op 25 july 2000 waard Granite Falls troffen troch in krêftige tornado, dy't foar miljoenen dollars oan skea oanrjochte. Ien persoan kaam om it libben en mear as tolve oaren rekken ferwûne. It wie ien fan 'e swierste tornado's dy't ea yn Minnesota húsholden hawwe.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Granite Falls 20,7% âlder as 65 jier en 21,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 41,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst neffens âldere gegevens, fan 'e folkstelling fan 2000, doe 9,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 85,2% blanken; 5,2% Yndianen; 4,7% Latino's; 0,6% swarten; 4,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|